Woansdei earste koartebaanwedstryd yn Steggerda

19 jan 2016 - 14:31
  • Koartebaanwedstriid yn Steggerda

IIsklup Vooruitgang yn Steggerda organisearret woansdeitemiddei de earste koartebaanwedstryd fan it seizoen. De wedstryd is noch ûnder betingst, want de waarfoarspelling is net sa bêst. Foar no leit it iis yn Steggerda der lykwols prachtich by, seit Reino Bouwhuis fan de iisklup.

De earste maraton op natueriis wurdt tiisdeitejûn hâlden yn Haaksbergen. De KNSB hat dat tiisdeitemoarn bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)