Jild foar mole Boerum

Moolners yn Súd-Hollân hawwe jild ynsammele foar herbou fan de ôfbaarnde mole yn Boerum. Dat meldt de NOS. It soe gean om in bedrach fan in pear hûndert euro. Hoewol't in nije mole dêrmei noch lang net finansiere wurde kin, is de stichting achter de Boerumer mole bliid mei it jild.
De stichting praat moandei mei de Vereniging De Hollandsche Molen oer in wervingsaksje om mear jild byelkoar te krijen. Doel is dat der fan 't simmer in plan leit foar de herbou. Dêrby soe ek hout út de âlde mole brûkt wurde moatte.