Undersyk nei coffeeshops bûten it Ljouwerter sintrum

© Omrop Fryslân
Der komt in ûndersyk oft coffeeshops tenei bûten it sintrum fan Ljouwert festige wurde kinne. In mearderheid fan de gemeenteried hat dat frege oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en dat is dêr akkoart mei gien.
Neffens de partijen yn de ried soargje de coffeeshops yn it sintrum foar oerlêst, foaral troch de ferkearsdrokte. Troch se op in yndustryterrrein te festigjen, soe dy oerlêst in stik minder wurde kinne.
Der wurdt no ûndersocht hoe't it liket mei de feiligens, as coffeeshops bûten it sintrum komme, en hoe grut de kâns op oerlêst dan is.