Advokaat Jitse Akse is ferbjustere oer hannelingswize IM

19 jan 2016 - 10:49

De Ljouwerter Jitse Akse dy't ferline wike oanhâlden waard op fertinking fan it deadzjen fan IS-striders, is mei in protte machtsfertoan oanhâlden, docht no bliken. In arrestaasjeteam hat de Ljouwerter mei lutsen wapens út in wenning yn Arnhem helle. Ek krige hy dêrby in pûde oer de holle hinne.

Dat sei de advokaat fan Akse moandei yn it programma RTL Late Night. Se is ferbjustere dat it Iepenbier Ministearje safier giet yn in saak wêryn't it iennichste bewiis, neffens har, twa ynterviews binne.

Libbensbedriigjend

It Lanlik Parket fan it Iepenbier Ministearje befêstiget tsjinoer deiblêd De Stentor dat Akse troch in arrestaasjeteam oppakt is. Dit bart by 'libbensbedriigjende situaasjes, of situaasjes dy't libbensbedriigjend wurde kinne', lykas in gizeling of in arrestaasje fan in fjoerwapengefaarlike fertochte.  

In protte stipe

Yntusken hawwe al mear as 57.000 minsken de petysje tekene, wêryn't de stipe foar Jitse Akse útsprutsen wurdt. Akse lit fia syn advokaat witte dat er tige wiis is mei alle stipe dy't er kriget, mar dat er ek behoarlik ûnder de yndruk is fan alles dat der no spilet. 

Paspoart werom

De advokaat fan Akse ferwachtet dat it Iepenbier Ministearje haast meitsje sil mei it ûndersyk, sjoen de sosjale druk dy't der sawol nasjonaal as ynternasjonaal ûntstien is nei oanlieding fan dizze saak. 

Mocht it Iepenbier Ministearje te lang wachtsje mei ferfolchstappen, dan sil der sjoen wurde nei it weromheljen fan it paspoart fan Akse. Dit soe binnen inkelde wiken al gebeure kinne. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)