Lintsje nei doarpshûsbehearder

Lintsje © ANP
De behearder fan doarpshûs Toutenburg yn Boerum is sneontejûn keninklik ûnderskieden. De 52-jierrige Renze Poortinga út Boerum krige de fersiersels opspjelde troch boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. Poortinga waard lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.
De útrikking wie by de fiering fan it 50-jierrich bestean fan it doarpshûs. Poortinga is der al 25 jier aktyf as behearder, dat docht er as frijwilliger neist syn betelle baan. Ek is er koster en doarpsomropper.