GrienLinks: "Trochpakke mei herfoarming natuerbelied"

19 jan 2016 - 08:22

De provinsje moat opnij sjen nei har natuerbelied en de wize wêrop't omgien wurdt mei it wetterpeil. Dat seit de provinsjale fraksje fan GrienLinks.

Fraksjefoarsitter fan de Fryske steatefraksje fan GrienLinks, Retze van der Honing, fynt dat de oerheid trochpakke moat mei de bestriding fan drûchte en in herfoarming fan de lânbou. "It is heech tiid foar in heriepening fan de diskusje oer de ferdrûging yn Fryslân, it lege wetterpeil en in radikale feroaring yn de lânbou", seit Van der Honing.

GrienLinks docht dizze oprop nei oanlieding fan it rapport oer de mûzepleach fan 2014 en 2015, dat moandei presintearre waard. De mûzen hawwe yn 2014 en 2015 foar likernôch 73 miljoen euro oan skea feroarsake oan boerelân yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)