Fûgelfanger mei lymstôk aktyf yn Goutum

18 jan 2016 - 22:07
  • Lymstôk dy't brûkt wurdt om fûgels mei te fangen

Op it folkstúnkompleks oan de Goutumerdyk yn Goutum is in fûgelfanger aktyf. De plysje krige moandei in melding dat dêr in angel mei lymstokken fûn is. Fûgelfangers brûke sokke stokken om sjongfûgels út beammen of strûken te slaan. De bisten bliuwe troch de lym dan oan de stokken hingjen en sa kinne se maklik meinaam wurde.

De plysje siket tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer de angel en de lymstokken, of dy't de lêste tiid wat fertochts sjoen hawwe yn de buert fan de Goutumer túntsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)