"Untromming op lêst fan skiedsjochter is gjin goed idee"

18 jan 2016 - 19:55
  • Skiedsrjochter

In skiedsrjochter kin net allinnich de ferantwurdlikheid hawwe om in wedstriid stil te lizzen by rasistyske sprekkoaren. Dat seit âld-skiedsrjochter Minne Modderman.

By de fuotbalwedstriid ADO Den Haach-Ajax klonken snein oerwâldlûden. It protokol skriuwt foar dat de thúsklup ferantwurdlik is. ADO hat oankundige dat de dieders pakt wurde sille. Probleem is dat dat allegearre achterôf is. Hieltyd faker klinkt dan ek de rop om ûnder de wedstriid aksje te ûndernimmen. Guon minsken wolle dat de skiedsrjochter dat beslút nimt.

Modderman fynt dat soks net kin. De skiedsrjochter hat al genôch om yn de gaten te hâlden. Hy mei de stilizzing fan in wedstriid en de ûntromming fan in hiel stadion ek net nochris op 'e noed krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)