Kafee moat wat aparts hawwe om bestean bliuwe te kinnen

Wa't as hoareka-ûndernimmer de holle boppe wetter hâlde wol, moat fernijend wêze. Dat wie moandei de konklúzje op de nijjiersgearkomste fan Keninklike Hoareka Nederlân, ôfdieling Mid-Fryslân.
Ferline wike kaam yn it nijs dat it begjinnen fan in hoarekabedriuw hiel populêr is, benammen yn Ljouwert. Oan de oare kant stean op it plattelân in soad hoarekabedriuwen te keap. Der is dus gjin dúdlik antwurd te jaan op de fraach hoe't it giet mei de Fryske hoareka. Fernijing en spesjalisaasje is wat op 't heden ferwachte wurdt fan de hoareka.
In foarbyld dêrfan is it doarpskafee fan Oentsjerk. Dat waard bierspesjaliteitekafee en no komme der folle mear besikers, ek út oare regio's. De nijjiersresepsje fan Keninklike Hoareka Nederlân, ôfdieling Mid-Fryslân waard holden yn kafee-restaurant Kolkzicht yn Surhústerfean.