Album Stevie Wonder yn teater, try-out yn Snits

It wie in idee fan Ben van der Knaap, direkteur fan Theater Sneek: in teatershow oer ferneamde albums fan grutte wrâldstjerren. En dat is slagge. Freed is de earste try-out fan it nije selskip Legendary Albums Live, dat spesjaal bymekoar brocht is.
Under rezjy fan Jos Thie sille solisten Sabrina Starke, Erica Yong en Ricardo Brugrust de kommende jierren nûmers fan legendaryske albums hearre litte. Te begjinnen mei Songs In The Key of Life fan Stevie Wonder. De try-out fynt plak yn Snits.
Fan de 23 albums dy't Stevie Wonder op syn namme te stean hat, is Songs In The Key of Life noch hieltyd it meast súksesfolle. Under oare de wrâldhits Isn’t She Lovely, As, Sir Duke en Pastime Paradise stean op de plaat út 1976. Sabrina Starke fertelt moandei yn Bynt wat it album no krekt betsjut hat en wat de plannen fan Legendary Albums Live binne.