IIsbaan yn Haulerwyk nei ferwachting tiisdei al iepen

De skeelerbaan fan Haulerwyk, hjir op argyffoto © Omrop Fryslân, Dirk Baron
De iisferiening fan Haulerwyk tinkt tiisdeitemiddei de iisbaan iependwaan te kinnen. Dêrfoar wurdt de skeelerbaan ûnder wetter set mei in lyts laachje wetter. Op dit stuit leit der noch gjin iis op de baan, mar de feriening tinkt dat dat nei noch in nacht froast oars wêze sil. Tiisdei besjogge se yn de rin fan de moarn oft de baan middeis iepen kin.
De iisferiening set foarearst net yn op wedstriden. Benammen leden moatte de kâns krije om te riden.
By Rotstergaast en op de Rypstjerksterpolder hawwe moandei riders de earste streken set op natueriis. Yn beide gefallen giet it op lân mei in lyts laachje wetter der op. Oar bûtenwetter is noch lang net fertroud.