Wetterskip ynspektearret wâlskanten en diken

18 jan 2016 - 16:11

Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân rinne fan moandei ôf goed trije tûzen kilometer by Fryske wâlskanten en diken del om alles te kontrolearjen. De saneamde skou stiet alle jierren om dizze tiid hinne op 'e rol, as de hjerststoarmen foarby binne en de begroeïing noch leech is. Krekt dan binne swakke plakken goed te sjen.

De ferwachting is dat de problemen mei wâlskanten en diken dit jier tafalle sille.

Trefwurden: 
skou Wetterskip Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)