Ekstra ûndersyk nei fersakking Drachtsterbrêge

In ekstra ferkearsboerd ynformearre de frachtweinsjauffeurs op de Aldlânsdyk © Henk Bootsma
Der wurdt dizze wike in ekstra ûndersyk dien nei de fersakking fan de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Trije nachten sil op ferskate plakken in boar de grûn yn brocht wurde om te sjen hoefolle sân oft der fuort is en hoe't it steld is mei de ûndergrûn. Dy boar giet sa'n 15 meter djip. Sa kin sjoen wurde oft it nedich is om noch fierder maatregels te nimmen.
De wurksumheden moatte nachts plakfine, om't oerdeis de skipfeart gebrûk makket fan it wetter. Ferline wike woansdei en tongersdei mocht frachtferkear net oer de brêge. By it leechpompen fan de bouput foar de oanlis fan it akwadukt is sân mei omheech kaam.