Natueriisklups oerlizze oer iepening iisbanen

18 jan 2016 - 11:59
  • Reedens

De bestjoersleden fan in soad iisklups yn Fryslân sille moandeitejûn besjen hoe't it stiet mei de dikte fan it iis én oft der al gau reedriden wurde kin. De measte natueriisbanen hawwe noch in pear dagen froast nedich, mar de skeelerbanen dy't yn de winter as iisbaan brûkt wurde, binne al gau ree mei in lyts bytsje iis.

Bygelyks de skeelerbaan yn Haulerwyk. Ek dêr wurdt moandei besjoen wannear't der riden wurde kin. Op dit stuit is it noch net bekend oft en wannear't der koarte-of langebaanwedstriden organisearre wurde troch de ferienings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)