Drachtster Boys wint op Urk

14 apr 2012 - 17:09

Drachtster Boys hat sneontemiddei mei 3-2 wûn fan Urk. Op Urk koenen de taskôgers genietsje fan in doelpuntrike earste helte. Nei goed 10 minuten kamen de Drachtsters op efterstân, wêrnei't Zabih Etemadi de lykmakker binnenskeat. Binnen in lyts heal oere naam de thúsploech opnij de foarsprong, mar ek dit kear wist Etemadi de Drachtsters wer op likense hichte te setten.

Yn de twadde helte wie 't Johan Hoekstra dy't de Drachtsters nei de 3-2 winst skeat. In moaie opstekker foar de ploech fan trainer Jan van Raalte.

Drachtster Boys is mei 12 punten út 23 wedstriden noch altyd de slútpost yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)