Meardere ûngelokken op it klaverblêd by Drachten

Twa auto's rekken fan de dyk op it klaverblêd by Drachten © Politie Drachten
Op it klaverblêd by Drachten binne moandeitemoarn troch de glêdens twa ûngelokken bard. By de oergong fan de N381 nei de A7 rekke in auto fan de dyk en belâne yn de fangrail.
Letter kamen twa auto's mei mekoar yn botsing op de Wâldwei ter hichte fan it klaverblêd. It is net dúdlik oft der ek minsken ferwûne rekke binne.