ONS hâldt sicht op titel

14 apr 2012 - 17:02

ONS hat sneontemiddei mei 1-1 lykspile tsjin Berkum. De Snitsers krigen yn it begjin fan de wedstriid in grutte kâns op de 1-0, mar Jurjen Bosch seach syn skot fan tichtby oer gean. Rêststân 0-0.

Yn de twadde helte iepene Ale de Boer de skoare foar de Snitsers. In frije traap fan Martijn Roosenburg waard ferlinge troch Chris de Wagt, wêrnei't De Boer as lêste syn foet tsjin de bal sette koe. De Snitsers wisten de foarsprong lang fêst te hâlden, mar fiif minuten foar it ein foel dan dochs de lykmakker.

Troch it ferlies fan koprinner WHC bliuwt de striid om de titel yn de haadklasse C tige spannend. ONS stiet mei 43 punten út 23 wedstriden op in dield twadde plak mei DETO. WHC giet noch altyd oan kop mei 45 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)