'Ierdskokskea' is it Fryske nijswurd fan 2015

18 jan 2016 - 10:10

It wurd 'ierdskokskea' is ferkeazen ta it nijswurd fan 2015. Dat is de útkomst fan in ferkiezing fan nijswebside It Nijs. Yn jannewaris koe stimd wurde op it favorite nijswurd fan it ferline jier.

Der wiene trettjin wurden nominearre en ierdskokskea wie de dúdlike winner mei 48% fan de stimmen. ‘Foarkarswurdlist' en ‘sjammeloek' (keamerjas) einigen op nûmer twa en trije yn de ferkiezing.

Ierdskokskea is de ferfrysking fan it wurd 'aarbevingsschade', in wurd dat yn 2015 benammen yn it nijs kaam troch de ierdbevings yn Grinslân.

Trefwurden: 
ierdskokskea Frysk wurd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)