Rapport: 73 miljoen euro skea troch mûzepleach

18 jan 2016 - 09:30
  • It rapport oer de mûzepleach

Mûzen hawwe yn 2014 en 2015 foar likernôch 73 miljoen euro oan skea feroarsake oan boerelân yn Fryslân. 900 boeren binne dêrtroch troffen, by guon boeren rint de skea op oant in ton. 26.000 bunder lân yn Fryslân hat dêrtroch flinke oant swiere skea oprûn. Dat is moandeitemoarn sein by de presintaasje fan in rapport fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga.

Lânbou-organisaasje LTO-Noord rûsde de skea by boeren earder al boppe de 70 miljoen euro. De provinsje hie tocht dat it bedrach leger útkomme soe. Provinsjale steaten hawwe ferline jier 10 miljoen euro beskikber steld foar dupearre boeren.

Der komme maatregels om de oerlêst troch mûzen te beheinen. De kâns is grut dat der ek yn de takomst in mûzepleach plakfine sil. Mooglik ien kear yn de trije of fjouwer jier. It Fryske lânskip is neffens it ûndersyk ideaal foar mûzen. De greiden binne drûch, de mûzen fine it gers lekker en der binne net in protte natuerlike fijannen foar mûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)