UNIS Flyers ferliest fan Herentals

Sneon wûnen de Flyers noch fan Deurne © UNIS Flyers
UNIS Flyers hat sneintejûn de topper tsjin HYC Herentals ferlern. Yn België waard it 5-1 (1-0, 2-0, 2-1) foar de thúsploech. De Belgen spilen fan it startsein ôf in heech tempo en setten de iishockeyers fan It Hearrenfean mei fariearre spul ûnder duk. It wie oan doelman Sjoerd Idzenga te tankjen dat it nei de earste perioade noch mar 1-0 stie.
Ek yn de twadde perioade wie Herentals de boppelizzende partij. Twa fouten yn de ferdigening fan de Flyers beslisten de wedstriid yn it foardiel fan de Belgen.
Yn de tredde perioade diene de Flyers noch wat werom, mar ferlies koe net foarkommen wurde. It waard úteinlik 5-1.
Coach Nason is net ûngerêst oer it ferlies en de wize wêrop ferlern is: "Omdat het met energie leveren te maken had. Niet met kwaliteit, want normaal gesproken hebben wij het betere team."