Kollum: "In les foar Sven"

18 jan 2016 - 08:43
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Sûnt ferline wike kinne wy stimme op de Bêste Fryske sporters fan it jier. Op it Frysk Sportgala yn febrewaris sil bekend makke wurde wa’t him of har de Fryske sporter fan it jier neame mei. Mar noch foardat we wisten wa’t de kânshawwers wiene, kaam lykwols yn it nijs dat reedrider Sven Kramer him ôfmeld hie foar de ferkiezing. In reden joech er net, útsein dat er gjin kandidaat wêze woe foar de titel Fryske sporter. Punt.

Nuver, tocht ik. Wa wol no net nominearre wurde? Ek al winst úteinlik net, it is toch in ear om kandidaat te wêzen foar de titel? Mar blykber docht Sven allinnich mei oan in wedstriid, as er der wis fan is dat er ek daadwerklik wint. Sjoch, ik ha in suske dat as lyts famke altyd wûn by spultsjes dy’t wy thús diene. Fan Rummycub oant Jahtzee, se wie altyd de bêste. Stikem siet se fansels oergriselik falsk te spyljen. Doe’t wy dêr achter kamen, rôp se poerrazend dat se ‘noooooit’ wer meidwaan woe oan in spultsje. En sa is it by Sven ek. Net dat er falsk spilet, absolút net. Mar it feit dat der in lytse kâns bestiet dat er nét wint, makket dat de achtfâldich Europeesk kampioen allround him fan tefoaren al ôfmeld.

Genôch oer Sven. Gelokkich binne der mear Fryske toppers, dy’t de titel Bêste Fryske sporter fan it jier fertsjinje. Kânshawwers by de manlju binne shorttracker Sjinkie Knegt, reedrider Jorrit Bergsma en gersbaanracer Jannick de Jong. By de froulju giet de striid tusken sylster Marrit Bouwmeester, reedrydster Ireen Wüst en turnster Sanne Wevers.

Mar de moaiste kategory fyn ik sels toch wol de Bêste Fryske gehandicapte sporter. Dêr kinne we kieze út amazône Rixt van der Horst, hurdfytster Alyda Norbruis en swimmer Olivier van de Voort. Alle trije stik foar stik bearefanatike sporters, dy’t alles op alles sette yn de oanrin nei Paralympyske Spelen dizze simmer yn Rio. En krekt dêrfoar mocht ik se twa wike lyn ynterviewe.

Op it Frysk Sportgala jout Sport Fryslân yn febrewaris nammentlik in spesjaal magazine út. Dêryn stean ek alve portretten fan de Fryske paralympiërs. Fan silen oant hynsteriden en fan swimmen oant sitfollybal. Ik trof alle Paralympiërs in pear wike lyn yn Sportstad Hearrenfean. Trije oeren lang krige ik de moaiste ferhalen te hearren.

Nim bygelyks it 15-jierrige super swimtalint Liesette Bruinsma út Wommels, dy’t al Nederlânske rekôrs swom sûnder dat se it yn de gaten hie. Hurdfytser Tristan Bangma, dy’t syn senuwen de baas wurden is mei tank oan syn Olympyske fytsmaat Teun Mulder. Of amazône Rixt van der Horst, dy’t fan moarns oant jûns dwaande is mei de perfekte Kühr op muzyk op har hynder Uniek. Alles yn it libben fan dizze sporters stiet yn it ramt fan de Spelen.

Trije oeren lang prate ik mei dizze topsporters oer de kûlen en hobbels yn The Road to Rio en gjin inkelde kear hiene wy it oer harren handicaps. Simpelwei omdat it dêr net om giet. It giet om de passy foar de sport, de blydskip en eufory dy’t ûntstiet ast winst en de teloarstelling by ferlies. Mar boppe-al giet it om it trochsettingsfermogen datst nedich hast as alles net hielendal giet sa’st hopest.

De dreamen fan dizze Paralympiërs meie dan allegear ferskillend wêze, alle alve hiene se itselde boadskip: elkenien kin sporte. Mei ien of twa fuotten, wol of gjin sicht, yn in rolstoel of mei in protese. It giet der om datst trochsetst. Datst dy net kenne list. En datst de striid oangiest. Ek al is der in kâns datst ferliest. ‘Meidwaan is wichtiger as winne’, sei Pierre de Coubertin net foar neat. Want meidwaan is al winst, learde ik fan dizze alve toppers. Sjoch, dêr kin Sven noch hiel wat fan leare." 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)