ROC Friese Poort Drachten hat it meast duorsume skoalgebou

17 jan 2016 - 17:13
  • It duorsume gebou fan ROC Friese Poort yn Drachten

It meast duorsume skoalgebou fan Nederlân stiet yn Drachten. It giet om ROC Friese Poort. Tiisdei wurdt it gebou iepene. It is de earste skoalle dy't it predikaat eksellint krigen hat foar har duorsume bou.

De duorsumens fan it gebou giet fierder as in dak fol sinnepanielen. Fan de flierbedekking oant de klúskes binne der hûnderten maatregels naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)