Fiif Akkrumers nei Lesbos om flechtlingen te helpen

Der sille fiif froulju nei it Grykse eilân Lesbos om dêr flechtlingen te helpen. Ien fan harren is Jacqueline Geel. Se sil dêr mei kollega's twa wiken lang medyske help biede.
Geel wie begjin novimber noch op Lesbos, mar it wurk is dêr neffens har noch lang net klear. Geel en har kollega's binne wurksum yn it medyske team fan de Stichting Bootvluchtelingen. Flechtlingen dy't oankomme, ha geregeld lichaamlike klachten lykas brutsen bonken en panykoanfallen.
De foarige kear doe't Geel op Lesbos wie, hat se ek bern besocht te reanimearjen dy't de tocht net oerlibbe ha.