Nacht sûnder dak yn Ingelum
Yn Ingelum wurdt sneon in krottewyk neiboud. 75 jongeren fan fjouwer protestânske tsjerkemienskippen út Noardwest-Fryslân sille sneontenacht sliepe yn selsboude hutten fan karton en plestik.
It jild dat mei de aksje Nacht Zonder Dak ophelle wurdt is bedoeld foar strjitbern yn Bolivia, Kenia en Kambodja dy't altyd bûtendoar sliepe moatte.