Stasjonswei Drachten iepene

Yn Drachten is sneontemoarn de fernijde Stasjonswei offisjeel iepene. De dyk is opknapt en smeller makke. De stoepen binne breder makke en der steane beammen neist de dyk. Earder wie de Stasjonswei in brede asfaltdyk. Troch de wurksemheden hat de noardelike tagong ta it Drachtster sintrumgebiet mear de útstrieling fan in leane krigen.
Fanwege de iepening wurde sneon en snein tal fan festiviteiten op en by de Stasjonswei organisearre. De rekonstruksje fan de Stasjonswei hat trijekwart jier yn beslach nommen.