Waskmasinedieven oanhâlden

14 apr 2012 - 14:07

De plysje hat freedtejûn op de rotonde fan De Jouwer twa manlju oanhâlden dy't der fan fertocht wurde dat se trije waskmasines stellen ha by in winkel oan de Schulpen op De Lemmer. In meiwurker fan de winkel seach by it ferlitten fan de saak twa manlju yn in bestelbus fuortriden mei dêryn de waskmasines. Nei kontrôle yn it magazyn waard dúdlik dat se misten.

De plysje koe oan de hân fan it kenteken en it sinjalemint de dieders by De Jouwer oanhâlde. It giet om twa manlju út Bûtenpost fan 25 en 27 jier. Se binne meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
stellerij dief waskmasine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)