Petysje foar it Nedersaksysk

14 apr 2012 - 13:53

Op de nije website 'Nedersaksisch is een taal.nl' stiet in on-line petysje foar in bettere erkenning fan it Nedersaksysk yn it Hânfêst foar minderheidstalen. Website en petysje binne in inisjatyf fan de regionale oerheden dy't mei-inoar opkomme foar it Nedersaksysk, lykas de Stellingwerven en de provinsjes Drinte, Grinslân en Oerisel.

Sy wolle dat minister Spies fan ynlânske saken noch in kear nei harren fersyk sjocht om it Nedersaksyk folslein te erkennen. De minister wiisde dat fersyk koartlyn ôf.

Moandei is der yn it Drintske Grolloo in mienskiplike manifestaasje ûnder de titel 'Geen miskenning, maar erkenning'. Under oare de Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra en hurdrider Erik Hulzebosch sille op dizze byienkomst it wurd fiere. Foar de byienkomst hat de organisearjende provinsje Drinte ek in soad keamerleden útnoege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)