Wikel: nije brêge en prieel
Der moat yn Wikel mear omtinken komme foar it slot fan Menno fan Coehoorn. Dat fynt foarsitter Pieter Deinum fan it histoarysk wurkferbân Wikel. Sneontemoarn is dêrom yn it doarp in nije ophelbrêge, in nij prieel en in nije kuierrûte troch de bosk iepene.
Menno van Coehoorn liet om 1680 hinne Meerenstein bouwe mei in grut park der omhinne. Pieter Deinum en syn wurkferbân wolle mei Van Coehoorn Wikel noch mear op de kaart sette.