Avanti út de topdivyzje

ZVV-Avanti Stiens © Omrop Fryslân
Sealfuotbalklup Avanti út Stiens degradearret út de topdivyzje nei it ferlies fan 4-2 tsjin Volendam fan freedtejûn. Yn de earste helte gie it noch gelyk op. Volendam kaam yn de 7e minút op 1-0, mar even letter luts Avanti de skoare wer yn it lykwicht. Krekt foar it skoft kamen se dochs wer achter te stean. Yn de twadde helte waard alles op alles setten, mar dêrtroch kaam der romte foar Volendam, dy't dêr goed gebrûk fan makke en de wedstriid mei 4-2 wûn.