Noch 45 dagen sel

13 apr 2012 - 20:49

Yn in supermerk oan it Cambuurplein yn Ljouwert hat de plysje freedtemiddei in man oanhâlden dy't twa blikjes drinken stellen hie. Personiel hat de 42-jierrige winkeldief oerdroegen oan de plysje.

Op it buro die bliken dat de man net weromkommen wie fan ferlof. Hy hie noch 45 dagen selstraf iepenstean en is dan ek fuort ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)