Nije Liwwadder priis

13 apr 2012 - 19:03

Bewenners fan twa histoaryske panden yn Ljouwert krije dit jier de nije Hendrik ten Hoeve Pries. De priis is ynsteld troch Aed Levwerd en giet nei partikulieren dy't har hûs of tún yn âlde gloarje werstelle.

De priis giet nei Rients Gratama en Carla van der Heide foar har pân oan de Oostergrachtswâl 25, en nei Hein de Graaf en Marijke Tiemersma foar harren wenning oan de Bagijnestrjitte 30. Yn beide gefallen wie de sjuery bot te sprekken oer sawol de binnen- as bûtenkant fan de huzen.

It is foar it earst dat de Hendrik ten Hoeve Pries útrikt wurdt. De priis is neamd nei de yn 2009 ferstoarne Ljouwert-kenner Hendrik ten Hoeve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)