Grutte Fier wurkje oan Heak

Heak om Ljouwert © Omrop Fryslân
Under de namme Grutte Fier gean fiif bedriuwen oan de slach mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert. It giet om it middelste diel fan de dyk: de bou fan in heal klaverblêd, fiif spoarwei-ûndertrochgongen en trije fiadukten. Freedtemoarn binne de hantekens set en moandei begjinne de earste wurksumheden.
De Heak om Ljouwert is de tolve kilometer nije ferbining tusken de A31 bij Marsum en de Wâldwei. De dyk krijt twa kear twa rydstroken en der mei hûndert riden wurde. Ein 2014 wurdt de Heak foar it ferkear iepensteld.