Jier sel foar fjoerwurkopslach

13 apr 2012 - 16:50
  • (fotofoarbyld)

In man (49) út Ljouwert hat yn heger berop folle minder straf krigen foar yllegaal opslaan fan 7000 kilo swier knal- en sierfjoerwurk yn in loads yn Snakkerbuorren. Earder waard er troch de rjochter noch feroardiele ta 2,5 jier sel. De man gie yn heger berop en hat no ien jier selstraf krige. De rest fan de straf is ûnder betingst.

De rjochter fynt dat de man yn heger berop folle mear sjen litten hat dat er beseft hoe gefaarlik oft it fjoerwurk yn de loads yn Snakkerbuorren wie. Boppedat is er syn wurk kwytrekke.

De man wurke as taksysjauffeur en hy hie in oanstelling by it WTC Expo. Hy hat ek noch problemen mei mei de bank en de fersekering. As er in lange selstraf krije soe, soe syn bedriuw fallyt gean en wurde syn freondinne en bern dakleas.

De feroardielde oerwaget nettsjinsteande de legere straf yn kassaasje te gean.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)