Fragen oer Inspirerend Frl

GroenLinks
De steatefraksjes fan GrienLinks en PVV stelle fragen oer de it glossy tiidskrift Inspirerend Fryslân. Yn it blêd soe deputearre Jannewietske de Vries tips jaan oer spirituele fakânsjes yn ús provinsje. De partijen wolle witte hoefolle provinsjale subsydzje oft nei it blêd gien is.
De partijen freegje harren ek ôf oft der belied is foar oare subsydzje-oanfragen foar ditsoarte útjeftes. Fierders wolle GrienLinks en PVV witte oft Fryslân Marketing by it toeristysk magazine belutsen is.