Switserske modelspoarbaan

It Nasjonaal Modelspoarmuseum yn Snits is in attraksje riker. Freed is in Switserke modelspoarbaan iepene. Geert Frijlink út Drachten hat mear as 25 jier wurke oan de spoarbaan dy't troch de Switserske bergen slingeret. De kosten fan it projekt wurde rûsd op in ton.
De Frijlinkbaan hat in eigen plakje yn it museum krige. De baan is unyk yn Nederlân, neffes manager Cramer fan it museum. Dat komt troch details lykas de kleuren fan de bergen, de húskes, it marke en alles wat him yn it doarpke ôfspilet op it 21 kante meter grutte model.
As der letter jild genôch, is komme der oare lampen, sadat de baan ek by nacht toand wurde kin.