Betizing oer boatebeurzen

13 apr 2012 - 14:35

De tredde edysje fan de Boatebeurs Fryslân, dy't nije wike sneon yn Snits hâlden wurde soe, giet net troch. Fanwege te min oanmeldings hat de organisaasje besletten it evenemint ôf te sizzen. De twa foargeande edysjes fan dy boatebeurs wiene lutsen tsientûzenen minsken nei it sintrum fan Snits. It soe gean om de twadde wettersportbeurs yn koarte tyd yn Snits.

Der is wat betizing, want der is noch in oare wettersportbeurs yn Snits. Dy wurdt dit wykein hâlden by ferskate bedriuwen yn de stêd. Dy beurs giet wol troch.

Trefwurden: 
boatebeurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)