Plysje: Spoarbomen wol ticht

De oanriding tusken in auto en in trein freedtemoarn op de Oostergowei yn Ljouwert is net feroarsake troch spoarbomen dy't net wurken. Dat seit de spoarweiplysje nei it hearren fan tsjûgen. Neffens de plysje wurken de ljocht- en lûdssignalen ek goed.
In 84-jierrige Ljouwerter waard freedtemoarn yn syn auto skept troch de trein nei Grins. De man rekke dêrby swier ferwûne en ferstoar letter yn it sikehûs. Hoe it wol kin dat de man de oergong opriden is, wurdt noch fierder ûndersocht.