Basisdebút Nordfeldt tsjin NEC

13 apr 2012 - 13:41

SC Hearrenfeandoelman Kristoffer Nordfeldt makket sneon syn debút yn de basis tsjin NEC. Brian Vandenbussche is nei syn reade kaart tsjin Ajax foar twa wedstriden skorst. It is de iennige wiziging dy't trainer Ron Jans tapast yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Ajax.

It is noch ûnwis oft ferdigener Arnold Kruiswijk meireizget nei Nijmegen. Hy hat lêst fan syn skynbonke. Sneon wurdt pas dúdlik oft er meidwaan kin tsjin NEC.

Trainer Ron Jans hat tongersdei mei alle spilers yndividueel praten oer de wanprestaasje tsjin Ajax. "Na een slechte wedstrijd wil je je altijd zo snel mogelijk herstellen en dat kan nu tegen NEC", seit Jans.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)