Denneboom nei FC Lienden

© awfoto.nl
Romano Denneboom ferlit nei dit seizoen Harkemase Boys. De âld-fuotballer fan SC Hearrenfean spilet takom seizoen foar sneins-topklasser FC Lienden. Lienden stiet op dit stuit op it fjirde plak yn de kompetysje.
Denneboom spilet sûnt ein jannewaris foar Harkemase Boys, mar hat in soad wedstriden misse moatten fanwege blessueres. Dêrfoar kaam de ienfâldich ynternasjonal ûnder oaren út foar Willem II, NEC en FC Twente.