Dongfergister stjonkt te folle

13 apr 2012 - 12:24

Boer Postma oan de Simmerwei by Hurdegaryp moat maatregels nimme tsjin de oerlêst fan syn dongfergister. De gemeente wol dat der sa gau as mooglik in ôffakkelynstallaasje komt om oerstallich gas te ferbrânen. De ôfdekking fan de neifergister moat ek ferbettere wurde.

Omwenners hawwe lêst fan de stank. Neffens de gemeente hat de boer de produksje net hielendal yn de macht. Dêrtroch is der bytiden tefolle gas dat dan fuort moat. De maatregels moatte neffens de gemeente genôch wêze om de oerlêst fierder tsjin te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)