Tryater wol groeie

13 apr 2012 - 12:07

Tryater wol nettsjinsteande de grutte besunigings groeie. Ferline jier waard bekend dat se 400.000 euro besunigje moatte. It toanielselsskip hat in plan makke hoe't se dat opfange sille. De totale begrutting sit op 1,5 miljoen.

Sa sille se harren freonen freegje om mear by te dragen en wolle se gearwurkje mei bedriuwen. Fierders binne der plannen om foarstellings te jaan yn Ruslân en Wales. Mei dy oanpak hopet Tryater sels noch groeie te kinnen.

Trefwurden: 
Tryater
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)