Keninginne iepent provinsjehûs

Kenginne Beatrix © ANP
Keninginne Beatrix sil it nije provinsjehûs op 22 maaie offisjeel iepenje. It provinsjehûs bestiet út in part nijbou en in part opknapte monumintale gebouwen. By de iepening wurdt ek de Fryske mienskip belutsen. Middeis komme der 2040 sjongers om diel te nimmen oan in koaresang. Jûns kinne ynwenners elkoar moetsje om it te hawwen oer de takomst fan Fryslân.
Ein ferline jier is it provinsjehûs al yn gebrûk naam. De fer- en nijbou hat mear as 80 miljoen euro koste.