Tachtich bestjoerders te hurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op ferskate plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân kontrolearre op te hurd riden. It gie ûnder oare om lokaasjes dêr't geregeld klachten oer komme oer racerij.
Mei-inoar tachtich autobestjoerders krigen in bekeuring. It gie dan om minsken dy't mear as 30 kilometer te hurd rieden. Fanwege de CAO-aksjes waarden minsken mei in lytsere oertreding net bekeurd.