Oplichter foar de rjochter

13 apr 2012 - 09:38

Tsientallen dupearren binne freed yn Ljouwert oanwêzich by de rjochtsaak tsjin Gaatze B. De man út De Westereen wurdt derfan fertocht dat er 59 ynvestearders foar mei-inoar fjouwer miljoen oplichte hat. Per persoan giet it om bedraggen oant 278.000 euro. Hy soe him ek skuldich makke hawwe oan falskheid yn geskrifte.

Nei in útstjoering fan Tros Opgelicht yn jannewaris 2011 kamen der tsientallen oanjeftes binnen by justysje. By de proforma-sitting fan in pear moanne ferlyn waard al dúdlik dat de man foar it grutste part bekend hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)