Cornelis vd Wal yn arkje Rink

12 apr 2012 - 16:49

Cornelis van der Wal is ien fan de skriuwers dy't dizze simmer wurkje sil yn it skriuwersarkje fan Rink van der Velde. Dat is tongersdei bekend makke. De oaren binne Hiltsje Jongsma en Liuwe Durksz. De skriuwers ferbliuwe in skoft yn it arkje om rêstich oan har wurk te skriuwen. Gadingmakkers koene har oanmelde en in sjuery keas de skriuwers út.

It arkje leit yn in petgat by De Feanhoop. Sûnt 2006 ferbliuwe alle simmers in stikmannich skriuwers in skoft yn it arkje.

Guon fan harren sizze dat dat de rêst om it arkje en it ferbliuw yn de natuer tige ynspirearjend wurket. Yn it arkje stiet ek in planke mei boeken dy't hielendal of foar in oart yn 'e skriuwersarke ta stân kaam binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)