Wer mear blessueres by Cambuur

12 apr 2012 - 12:42

Sportklup Cambuur kin tsjin Helmond Sport gjin berop dwaan op Melvin de Leeuw en Jonathan Vosselman. Beide spilers foelen yn de wedstriid tsjin Willem II blessearre út, en binne net fit genôch om freed te spyljen. It meidwaan fan Martijn van der Laan en Robert van Boxel is noch ûnwis. Op de wedstriiddei wurdt dêr pas in beslissing oer naam.

It tal blessueres by Cambuur is op dit stuit grut, want ek Mark de Vries, Oguzhan Türk, Sandor van der Heide, Léon Hese en Erik Bakker binne net fit.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)