Fryske huzen bringe minder op

12 apr 2012 - 10:17
  • Hûs te keap

De delgong yn it tal ferkochte huzen is yn Fryslân minder grut as lanlik sjoen. Dat docht bliken út sifers fan makeldersferiening NVM. Dy hat de sifers fan it earste kwartaal fan dit jier ferlike mei dy fan it lêste fearnsjier fan ferline jier. It tal ferkochte huzen sakke yn Fryslân mei goed njoggen prosint, lanlik wie dat hast 16 prosint. De gemiddelde ferkeappriis fan in hûs gie yn Fryslân wol mear nei ûnderen as lanlik. Hjir brocht in hûs sa'n fiif prosint minder op, yn hiel Nederlân wie dat gemiddeld hast trije prosint.

Hûseigeners dy't har wenning ferkeapje wolle, moatte in skerpe en reëele ferkeappriis freegje. Dêrtroch nimt de kâns ta om in hús te ferkeapjen. Makelders roppe minsken dy't in wenning keapje wolle op om in keap net hiel lang út te stellen om sa noch te profitearjen fan de goedkeapere oerdrachtsbelesting. It regear soe gau dúdlikheid jaan moatte oer it wol of net ferlingen fan de ferlege oerdrachtsbelesting. Mooglik ferfalt fan 1 july ôf dat foardiel.

Yn Fryslân binne 166 NVM-makelders aktyf. Op dit stuit stean der 7700 wenningen yn Fryslân te keap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)