Undersyk molebrân Boerum klear

12 apr 2012 - 09:44

De plysje is klear mei it ûndersyk nei de molebrân yn Boerum. Nei't de mûne ôfrûne snein folslein ôfbaarnde, binne seis jongeren oanhâlden. Dy hawwe bekend dat se âld papier, wêrûnder bibels, út in kontainer yn 'e buert fan de mole yn 'e brân stutsen ha en dat dêrby ek in tal planken fan de mole yn brân fleagen. Se tochten it fjoer útmakke te hawwen, mar letter ûntdutsen se dat de mole folslein yn 'e brân stie. De plysje hat proses-ferbaal tsjin de jongeren opmakke. It Iepenbier Ministearje moat no bepale oft se ferfolge wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)