VVV wol jongere minsken lûke

© Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
De VVV yn Ljouwert siket alternativen foar de toeristyske winkel ûnder yn de Achmeatoer, omdat it publyk dat dêr komt fergrizet. Ut ûndersyk docht bliken dat de grutste groep besikers tusken de 50 en 65 jier is. Om mear jongeren te berikken oerwaget de VVV om grutte ynteraktive skermen yn de stêd del te setten. Der komt miskien ek in app foar de mobile telefoan. De winkel bliuwt earst wol gewoan bestean.
Ut it ûndersyk fan de VVV docht ek bliken dat de measte besikers fan de VVV yn Ljouwert deitoerist binne en út Fryslân sels komme.