Krús Bataljon Friesland teplak

It fersetsbetinkingskrús fan it Bataljon Friesland had woansdei in prominint plakje krigen yn de hal fan it Provinsjehûs. Dêrmei is in belofte fan de ferstoarne deputearre Anita Andriessen oan de feteranen fan it frijwilligersbataljon neikommen.
It bataljon waard nei de oarloch oprjochte en yndield by it rezjimint Johan Willem Friso. Dêrom wienen der woansdei, neist in stik of tsien feteranen, ek hege offisieren werûnder in brigadegeneraal by. Foar it Bataljon Friesland melden har 800 Fryske en Twentse fersetsstriders en ûnderdûkers oan.
It bataljon is yn 1948 opheft.